Botsing nei spul yn auto

02 des 2012 - 13:07

In automobiliste (29) út Easterwâlde is sneontejûn let oanhâlden op fertinking fan it riden mei drank op. Har freon (25) út Easterwâlde is oanhâlden op fertinking fan it besykjen ta swiere mishanneling. It duo ried oer de Pradingaweg en krige spul yn de auto. De man sloech de frou en luts oan it stjoer. Se ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam. De man rekke ferwûne en moast nei it sikehûs. Beide ynsittenden binne dêrnei nei it buro brocht. De frou hie dronken en moast har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)