Botsing mei losbrutsen keppel skiep by Sint-Jabik

28 jan 2015 - 11:00
  • (fotofoarbyld)

By Sint-Jabik ha fjouwer skiep tiisdeitejûn in oanriding mei in auto net oerlibbe. In 35-jierrige automobilist út Sint-Anne krige op de Suderwei in keppel fan 80 losbrutsen skiep foar de auto. De man rekke fjouwer skiep. Trije wiene fuortendaliks dea, in fjirde swierferwûne bist is troch de plysje ôfmakke. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. De dyk hat in skoft ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)