Botsing mei drank op

20 jul 2011 - 10:50

In dronken man (39) út Poalen is woansdeitemoarn syn rydbewiis kwytrekke nei in oanriding op de A7 by Terwispel. Hy wie mei syn auto achterop in frachtwein botst.

In blaastest wiisde út dat de man dronken hie. Nei analyze op it plysjeburo krige de man in rydferbod fan 12 oeren. Syn auto rekke folslein fernield, mar hy mankearde sels neat. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)