Botsing mei 3 auto's op A32

02 des 2009 - 10:08

Op de A32 binne tiisdeitemoarn trije auto's yn botsing kaam. In 31-jierrige Snitser moast remje foar syn foargonger, in 34-jierrige automobiliste út Skarsterbrêge, mar koe net foarkomme dat er der achterop botste. Troch de knal skeat de auto fan de frou foarút, tsjin de auto fan in 22-jierrige Snitser.

De frou dy't by him yn de auto siet moast mei nekklachten nei it sikehûs, de oaren kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)