Botsing foar iepen brêge

12 okt 2013 - 11:56
  • Plysje-embleem

In 80-jierrige automobilist fan It Hearrenfean hat freedtejûn yn Ljouwert in ûngelok feroarsake. De man hie tefolle drank op en botste op de Aldlânsdyk op in auto dy't stil stie foar de iepen brêge. Dizze auto skode dêrtroch op in oare auto. Net ien yn dizze twa auto's rekke ferwûne. De 80-jierrige is foar ûndersyk nei it sikehûs ta brocht en hat syn rydbewiis ynleverje moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)