'Botsing troch rûch riden'

28 apr 2014 - 11:21
  • Trije auto's binne opinoar botst op It Hearrenfean

De plysje fertinkt in automobilist út Noardwâlde (20) fan it feroarsaakjen fan it ûngelok fan moandeitemoarn op It Hearrenfean. De man soe gefaarlik riden hawwe op de Boargemaster Falkenawei. Hy ried hurd en sloech op it lêste momint ôf. Dêrtroch kaam er yn botsing mei de auto fan in 80-jierrige frou fan It Hearrenfean. Dy rekke ferwûne oan 'e nekke en rêch. Se moast oerbrocht wurde nei it sikehûs.

By it ûngelok rekke ek in man ferwûne dy't yn de auto achter de fertochte siet. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)