Bot: gjin Eurotop op Lauswolt

26 des 2003 - 00:00

It bûten Lauswolt by Beetstersweach is definityf ôffallen as lokaasje foar in Europeeske topkonferinsje. Nederlân is de twadde helte fan 2004 foarsitter fan 'e Europeeske Uny en dêrmei ek gasthear fan ferskate topoerlissen.

De Hoop Scheffer tocht oan Lauswolt as ien fan 'e mooglike lokaasjes, mar syn opfolger Bot hat dizze lokaasje skrast, omdat Lauswolt dreech te befeiligjen wêze soe. Begjin jierren '90 wie der noch in lânboutop op Lauswolt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)