Bot bringt besite oan Fryslân

23 maaie 2005 - 16:45

Minister Bot fan Bûtenlânske Saken komt tiisdei nei Boalsert en Drachten. Dat docht er yn it ramt fan de kampanje foar de Europeeske grûnwet. Yn Boalsert makket Bot in kuier troch de stêd en moetet er boargemaster Vroegindeweij.

Yn Drachten wurket Bot mei oan in diskusjejûn fan it CDA oer de Europeeske grûnwet. Yn beide plakken sil de minister ek in foardracht hâlde. Dat sil er foar in part yn it Frysk dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)