Bosvelt ûntbrekt tsjin Roda JC

07 des 2006 - 13:27

Hearrenfean-spiler Paul Bosvelt mist de wedstriid tsjin Roda JC fan takom freed. De middenfjilder kampt mei in ûntstekking yn de hertstreek. It is gjin slimme kwaal mar it moat mei rêst better wurde.

Thomas Prager sil Bosvelt ferfange. Dat is opfallend om't Prager krekt werom komt fan in knibbelblessuere. Dy blessuere rûn hy op yn de UEFA-cup wedstriid tsjin Osasuna en sûnt dy tiid spile hy net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)