Bosvelt hâldt op

29 nov 2006 - 09:35

Hearrenfeanspiler Paul Bosvelt hâldt oan it ein fan dit seizoen op. Dat hat hy bekend makke oan foarsitter Koos Formsma. De 36-jierrige middenfjilder is dwaande oan syn twadde seizoen by Hearrenfean. Earder spile hy foar Go Ahead Eagles, FC Twente, Feyenoord en Manchester City. Mei Feyenoord wûn hy yn 2002 de UEFA Cup.

De klub wol Bosvelt graach yn 'e stêf opnimme. Hy sjocht dat wol sitten, al hat hy gjin trenersambysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)