Bosvelt en Kissi dogge net mei

24 nov 2005 - 16:53

Paul Bosvelt en Abdelkarim Kissi kinne tongersdei net meidwaan oan de wichtige UEFA-cupwedstriid Olympique Marseille - SC Hearrenfean. Kissi hat tefolle lest fan in blessuere oan de ankel. Bosvelt bliuwt oan 'e kant fanwege in hamstringblessuere. Keeper Boy Waterman foel al earder ôf.

Verbeek sil yn plak fan Bosvelt en Kissi de twilling Jeroen en Henrico Drost beide opstelle. Waterman wurdt ferfongen troch Brian Vandenbussche.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)