Bosvelt dielt tagongskaarten út

01 des 2006 - 09:52

Paul Bosvelt, spiler fan SC Hearrenfean, hat tongersdei de earste fergese tagongskaarten útdield oan ynwenners fan de gemeenten Kollumerlân.

De gemeente hat takom wike in eigen fak yn it Abe Lenstrastadion yn it ramt fan de aksje 'Vul je Vak', in kadootsje fan de klub. 650 ynwenners fan Kollumerlân meie dan fergees nei de wedstriid tsjin Roda JC. Bosvelt luts de earste nammen út in amer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)