Boskwachters wolle plysjeportofoan foar eigen feiligens

20 jul 2015 - 19:57

Der is hieltyd mear geweld en fandalisme yn de bosken. Boskwachters wolle dêrom graach in plysjeportofoan. Der ûntstean somstiden gefaarlike situaasjes en mei in portofoan stean de boskwachters fuortendaliks yn ferbining mei de plysje. Sa hoege se harren dan gjin soargen te meitsjen oer de minne tillefoanferbinings oer it generaal yn de bosken.

Boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear wol ek graach in plysjeportofoan. Mar it liket him ek goed om pepperspray te brûken om mooglike gefaren op ôfstân te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)