Boskwachter nimt ôfskied

02 jul 2010 - 20:50
  • Jacob Bijlsma hjir mei Piet Paulusma

De ferneamdste boskwachter fan Fryslân is freedtemiddei mei pensjoen gongen. Jacob Bijlsma is ôfswaaid as boskwachter by Steatsboskbehear. Bijlsma krige lanlike bekendheid, doe't in kartonnen ferzje fan him brûkt waard as promoasje foar de natoerorganisaasje.

Ek wie er regelmjittich te hearren by Omrop Fryslân om ien en oar út te lizzen oer de natoer. Fan 't winter noch, doe't der op de izige diken kloften merkels deariden waarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)