Boskbrân by Bakkefean

30 apr 2007 - 14:40

Yn it bosk achter de Slotpleats yn Bakkefean hat moandei brân west. Der wiene in soad minsken yn 'e bosken, sadat de brânwacht al gau nei it ûntstean op 'e hichte wie. Flakby it plak fan de brân wie in sleat mei aardich wat wetter en dus koe de brân flot dwêst wurde.

Mei de hurde wyn hie it al mei al wol folle slimmer útpakke kind. Der jildt sûnt freed in fjoer- en smookferbod yn de bosken yn de gemeente Opsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)