Bosk tariede op natoerwurkdei

01 nov 2013 - 11:01

De jierlikse natoerwurkdei stiet sneon foar in part yn it teken fan it opromjen fan stoarmskea. Yn Fryslân gean op 2 novimber sa'n 700 frijwilligers op 15 lokaasjes de natoer yn om natoerbehearders te helpen by it ûnderhâld fan natuergebieten. De behearders fan lânguod Oranjestein moasten freed earst ferskate swiere tûken fuorthelje om de bosk feilich en tagonklik te meitsjen foar de frijwilligers.

Lânskipsbehear Fryslân wol yn Oranjewâld mei help fan sa'n 100 frijwilligers âlde leanen iepenmeitsje en ek Amerikaanske fûgelkers ferwiderje.

Op de natuerwurkdei wurdt sneon in hantekeningaksje hâlden. De frijwilligers sille steatssiktaris Dijksma freegje om genôch jild út te lûken foar it ûnderhâld fan natoer en lânskip. Dy middels binne op dit stuit ek yn Fryslân ûnfoldwaande, fynt Lânskipsbehear Fryslân. It ûnderhâld fan de bosk fan Oranjestein en Donglust wurdt dien yn oardel baan. Der binne twa boskwachters, ien folslein yn tsjinst en ien yn dieltiid. Dat wiene yn it ferline acht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)