Bosk & Greide lûkt stekker út natuerprojekt Gaasterlân

07 jul 2015 - 14:05
  • Kij yn de greide

De agraryske natuerorganisaasje Bosk & Greide lûkt offisjeel de stekker út it natuerprojekt Gaasterlân. De klup wurket al sûnt de jierren njoggentich oan nije natuer yn Gaasterlân. It projekt is unyk omdat boeren en partikulieren mei-inoar oparbeidzje om nije natuer op te setten.

It plan rûn eins noch oant 2018, mar de provinsje hat earder besletten de subsydzje no stop te setten. Bosk en Greide hat dêr noch beswier tsjin makke, mar dat hat net holpen.

Ek in ûnôfhinklike arbitraazjekommisje fynt dat de beslissing fan de provinsje terjochte wie. Dat wie de drip foar de natuerorganisaasje om der in streek ûnder te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)