Bosk fuort om kamsalamander

25 sep 2012 - 22:42

Steatsboskbehear is by Noardwâlde begûn mei it kappen fan in heale hektare bosk. It bosk wurdt fuorthelle by de dobbe oan de Oosterveldsewei om plak te meitsjen foar de seldsume kamsalamander.

Troch de beammen fuort te heljen tinkt de natuerorganisaasje dat de salamander him better thúsfiele sil. De kamsalamander is mei 20 sintimeter de grutste salamander fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)