Bosk by Bakkefean úttinne

14 jul 2006 - 15:26

Der wurdt ynkoarten 15 bunder bosk by Bakkefean kapt. Steatsboskbehear en it Fryske Gea wolle yn it Mandefjild trochgongen meitsje tusken de ferskate moeras- en heidegebieten. Dy yngreep is goed foar guon planten en bisten, dy wurde bedrige.

De houtkap, it dempen fan de sleaten en it ôfplagjen begjint yn de hjerfst en is foar it briedseizoen klear. Omwenners meitsje gjin beswier mear tsjin de kap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)