Bos wint kritearium Oerterp

09 apr 2012 - 17:42

It kritearium fan Oerterp is peaskemoandei wûn troch Jan Bos út Nijhoarne. Hy wie krekt wat rapper as syn ploechmaat Jesper de Hoog út Assen. Yn in spannende einsprint wie it ferskil op de einstreek foar it publyk net te sjen. Der kaam in finishfoto oan te pas om de winner oan te wizen. It tredde plak wie foar Bram Verweij út Haren.

Troch it minne waar stienen der dit jier mar 50 man oan de start. In domper wie der foar Arjan Stroetinga út Waskemar, dy't fergetten wie de transponder om te dwaan en dêrtroch út de striid helle waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)