Bos nije direkteur Sportstêd

20 maaie 2010 - 10:07

John Bos wurdt per 1 septimber de nije direkteur fan Sportstêd Hearrenfean. Hy folget Tjisse Wallendal op dy't in pear wiken lyn dien krige. Bos is sûnt 2003 deputearre fan de provinsje Flevolân, mei ûnder oare sport yn de portefeuille. Hy is ek aktyf yn bestjoersfunksjes by in soad maatskiplike organisaasjes.

Bos is ûnder oare bestjoerslid fan 'e Nederlânske atletykuny. Hy is ek belutsen by it plan om de Olympyske Spelen yn 2028 nei Nederlân te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)