Bos krijt Troelstra-biografy

18 feb 2010 - 13:36
  • Piter Jelles Troelstra

Der wie noch gijn objektive biografy oer dichter/politikus Piter Jelles Troelstra. Sân jier lang hat sjoernalist Piet Hagen him ferdjippe yn de grûnlizzer fan de sosjaaldemokrasy. Resultaat: in livich boek fan hast tûzen siden. It earste eksimplaar is tongersdei oanbean oan Wouter Bos, de opfolger fan Troelstra.

Neffens Piet Hagen is Troelstra de kleurrykste politikus dy't Nederlân ea hân hat. It is dit jier it 150ste bertejier fan de dichter en steatsman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)