BOS Groep bêste ûndernimmer

26 jan 2010 - 20:27

De BOS Groep is winner wurden fan de Ljouwerter ûndernimmerspriis. It bedriuw dat alles te bieden hat op it mêd fan it wurkplak, krige de priis útrikt op in byienkomst fan de Commerciële Club Ljouwert.

De BOS Groep krige de priis nei oanlieding fan in drastysk oar belied om yn te spyljen om de moderne klant. Tsien jier lyn hat it bedriuw noch op it punt stien om der mei op te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)