Borsato by CD-feest Twarres

26 jun 2001 - 00:00

Twarres hat moandei it earste eksimplaar fan har debút-CD 'Stream' oerlange krigen fan Marco Borsato. Dat barde op it VOC-skip yn Amsterdam. It earste optreden yn it ramt fan de nije CD is op 6 juli yn Wergea, it wenplak fan Twarres.

De CD 'Stream' is foar it grutste part Ingelsktalich mei twa Fryske nûmers: de nûmer ien hit 'Wêr Bisto' en 'Do'. De CD leit fan tiisdei ôf yn de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)