Borgmûne nei stichting

06 mrt 2009 - 12:32

De restaurearre Borgmûne op it eilân De Burd wurdt fergees oerdroegen oan de Stichting Poldermolens De Lege Midden. Ek de grûn fan de âlde lokaasje fan de mûne giet oer nei de stichting. Boarnsterhim jout jierliks 2500 euro foar de kosten fan behear en ûnderhâld.

Gemeentlike mûnen wurde yn Boarnsterhim nei restauraasje eigendom fan de Stichting. De Mellemûne yn Akkrum en de spinnekopmûne op de Burd binne al oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)