Boppewei yn De Westereen ôfsletten fanwege gaslek

12 feb 2015 - 10:05
  • Gaslekkaazje oan de Boppewei yn De Westereen

De Boppewei op De Westereen is al sûnt woansdeitenacht foar in part ôfsletten yn ferbân mei in gaslek. Neffens de gemeente duorje de reparaasjewurksumheden noch oant de ein fan tongersdeitemoarn.

In kuierder ûntduts it lek, trochdat it nei gas rûkte en der in sissend lûd te hearren wie. De plysje en brânwacht waarden warskôge en de dyk waard ôfsletten. It is noch net dúdlik hoe't it gaslek ûntstean koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)