Boppelieding trein wer makke

16 feb 2008 - 10:53

Treinreizgers tusken Ljouwert en Swolle hiene sneontemoarn en oan it begjin fan de middei te krijen mei ekstra reistiid. De fertraging kaam troch in stikkene boppelieding yn de omkriten fan Swolle.

De intercity's út Ljouwert wei rieden wol nei Meppel, mar net fierder. Ut Swolle wei rieden de intercity's wol nei Ljouwert, mar mei fertraging. Yn de rin fan de middei wiene de problemen wer oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)