Boppelieding stikken by Thialf

24 maaie 2005 - 11:38

In frachtwein hat moandei de boppelieding fan de spoaroergong by iisstadion Thialf op it Hearrenfean stikken lutsen. Dêrtroch kaam alle treinferkear tusken it Hearrenfean en Wolvegea fan healwei trijen ôf stil te lizzen.

Foar de treinreizgers soarge de stikkene lieding foar in fertraging fan in heal oere omdat se mei de bus fierder moasten. Jûns tsjin alven wiene de problemen ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)