Boppelieding noch net klear

17 des 2010 - 08:36

Der ride ek freedtemoarn gjin treinen tusken It Hearrenfean en Wolvegea. Dat komt omdat der op it trajekt in boppelieding stikken is. Reizgers wurde ferfierd mei bussen en de reis duorret dêrtroch in healoere oant in oere langer. De ferwachting is dat de treinen om tolve oere wer ride.

De boppelieding waard tongersdeitemiddei stikken lutsen, nei alle gedachten troch in kraan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)