Bootsma op Amerikaanske TV

13 maaie 2013 - 10:30
  • MIsciagna en Bootsma yn Vermont

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma hat it tv-nijs helle fan it Amerikaanske WPTZ yn Vermont. Bootsma wie dit wykein yn South Burlington foar it meitsjen fan in dokumintêre oer de Joint Strike Fighter, yn Amearika ek wol bekend as F-35.

Lykas yn Nederlân hat de JSF ek yn Amearika fûle foar- en tsjinstanners. It tastel soe hiel goed wêze, mar it jachtfleantúch makket in soad leven en is ek djoer. Foar Channel 5 WPTZ ferslachjouster Vanessa Misciagna nijsgjirrich genôch om Hayo 'Boetsma' oer de JSF oan it wurd te litten.

De fleanbasis yn Ljouwert is in mooglik stânplak fan de JSF, as Nederlân definityf dochs beslute soe om JSF's te keapjen. De dokumintêre hjiroer fan ferslachjouwer Hayo Bootsma en programmamakker Halbe Piter Claus wurdt yn juny troch Omrop Fryslân TV útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)