Boot Holland los yn 5 hallen

07 feb 2014 - 12:44
  • Boot Holland 2014
  • Boot Holland 2014
  • Boot Holland 2014

Deputearre Jannewietske de Vries hat freed de 24e edysje fan Boot Holland yn it WTC Expo iepene. Der binne dit jier 250 eksposanten. Boot Holland is neist de HISWA de wichtichste boatebeurs yn Nederlân. Nei it weirinnen fan guon eksposanten wie it noch even spannend oft de beurs dit jier wol trochgean soe. Mar der wiene genôch nije eksposanten dy't op 'e beurs stean woene.

De beurs duorret noch oant en mei nije wike woansdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)