Boot Holland fan start

10 feb 2012 - 12:26

Boot Holland is freed iepene yn it WTC-Expo yn Ljouwert. It is de 22ste kear dat it evenemint organisearre wurdt. Op de beurs litte 350 eksposanten sjen wat de lêste ûntwikkelings binne op it mêd fan boaten.

Op Boot Holland ha plysje en provinsje it startskot foar de kampanje 'Handle je pk's' jûn. Plysje en provinsje sil de jeugd aktyf benaderje mei foarljochting oer de regels gefaren fan te hurd farren. Simmerdeis binne der altyd in soad klachten oer jeugd dy't mei har rubberboatsjes oerlêst feroarsaakje. Der wurdt ek mear kontrolearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)