Boot Holland Aqua wie súkses

22 sep 2008 - 16:32

It earste Boot Holland Aqua evenemint, dat fan ferline wike woansdei ôf yn Snits holden is, wie neffens de organisaasje in grut súkses. Mear as 12.000 minsken hawwe it nije wettersportevenemint besocht en dat wie ek it tal dat ferwachte wie.

Net allinne binne der in soad oarders pleatst, ek de ferskate aktiviteiten op it wetter wiene tige populêr. Yn 2009 komt Boot Holland Aqua wer werom, nei alle gedachten nóch grutter as ferline wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)