Boontjes goed út te djipjen

20 feb 2007 - 16:27
  • It baggerskip de Reimerswaal fan Spaansen BV út Harns oan it begjin fan de farwei Boontjes.
  • Deputearre Ton Baas, Rik Siebers (direkteur Westergozone) en boargemaster Paul Scheffer fan Harns

Farwei De Boontjes tusken Harns en Koarnwertersân is op ien plak behindere troch in richel. Dat stik fan 2 kilometer is nei alle gedachten goed út te djipjen In ûndersyksburo fan De Lemmer makket dat bekend. It giet om in earste presintaasje. Letter folgje mear gegevens.

It ûndersyk is nedich om te sjen oft útdjipping út kin. In djippere oan- en ôffierrûte kin fan belang wêze foar de haven fan Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)