Boonstra Transport Haulerwyk wreidet duorsum út

24 jan 2016 - 11:02

Boonstra Transport fan Haulerwyk wreidet it bedriuw flink út. Dat is nedich omdat der hieltyd mear fraach is nei opslach fan hege kwaliteit. Nei de ferbouwing hat it bedriuw hast 7000 m2 oan opslachromte. De útwreiding wurdt yn trije stikken ferdield, elk stik kin op in ferskillende temperatuer hâlden wurde. De romten wurde ferwaarme mei ierdwaarmte en de elektrisiteit komt fan sinnepanielen.

De nijbou moat yn april klear wêze, by de iepening wurdt dan ek de earste elektryske frachtauto fan de wrâld presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)