Boonstra liedt Piter Jelles

18 aug 2008 - 16:08
  • It kolleezje fan bestjoer is fuort

De rie fan bestjoer fan skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert hat freed syn funksje dellein. Sy soene earst noch de rinnende saken ôfhannelje, mar omdat dêr yn ´e organisaasje gjin stipe foar wie, is besletten de funksje fuortendaliks del te lizzen.

Dit betsjut dat foarsitter Klaus_Boonstra fan de rie fan tafersjoch sûnt moandei de skoalle bestjoert. Ferline wike waard dúdlik dat trije fan ´e acht direkteuren siik thússitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)