Boomsma nimt Hynstesintrum oer

21 aug 2003 - 00:00

It Frysk Hynstesintrum yn Drachten feroaret fan eigner. It sintrum is oernommen troch de Ljouwerter sakeman Jan Boomsma. Hy wol it hynstesintrum brûke as evenemintehal lykas it FEC yn Ljouwert. Boomsma is ek de eigner fan Postplaza yn Ljouwert.

Boomsma nimt it Hynstesintrum oer fan it Frysk Hynstestamboek. It stamboek sit yn finansjele problemen. It hat bygelyks noch in skuld fan in miljoen euro by de belestingtsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)