Boomsma keapet Wite Hûs

08 feb 2007 - 13:40
  • It Wite Hûs yn it sintrum fan Ljouwert

Jan Boomsma, eigner fan Post_Plaza, hat ek it njonkenlizzende Wite_Hûs yn Ljouwert kocht. It gebou waard brûkt as kantoar troch de provinsje. It stie te keap om't de amtners ûnderbocht wurde yn it nije ferboude provinsjehûs oan 'e Twibaksmerk. Oant de ferbouwing klear is, sitte de amtners tydlik op in oar wurkplak. Boomsma wol it kantoar ferbouwe ta hotel. It soe gean om in fjirtich keamers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)