Bonus foar in nije baan

10 maaie 2012 - 11:17
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum
  • It gemeentehûs fan Dantumadiel

De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel sykje de gearwurking mei de fjouwer Dokkumer útstjoerburo's om wurkleazen oan in baan te helpen. Se wolle profitearje fan de netwurken en ekspertize fan de buro's. It giet om in proef fan in jier, dêr't de útstjoerburo's yn besykje sille om yn elk gefal 16 minsken út de bakken fan de gemeente te krijen. Slagget dat dan krijt it buro in bonus.

It unike is dat alle buro's meidogge en ûnderling ek gearwurkje sille. De kombinaasje rjochtet him op de groep wurkleazen fan 23 jier en âlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)