Bonus fan 500 euro foar goed idee gesellige âldjiersnacht

25 feb 2016 - 12:29

Yn de gemeente De Fryske Marren leit 500 euro klear foar it bêste idee dat de âldjiersnacht rêstiger, geselliger en feiliger meitsje kin. Minsken dy't in goed idee hawwe kinne har melde by de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders siket dêr dan it bêste idee út.

De bonus wurdt betelle út it potsje dat de gemeente hat foar boargerinisjativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)