'Bonus Arriva te leech'

07 des 2007 - 13:31
  • Mooglik stean de treinen ynkoarten stil foar in aksje

De fakbûnen driigje mei aksjes by de treinen, as ferfierder Arriva net mei in better bod komt foar de einjiersútkearing. Arriva wol it persoaniel in útkearing jaan fan 1,5 prosint fan it salaris. Der leit lykwols in ôfspraak dat de útkearing twa prosint wêze moat.

Allinne as der spesjale redenen binne, dan mei der in legere bonus útbetelle wurde. Neffens de bûnen is dy reden der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)