Bontebok hat nije webside

29 des 2002 - 00:00

Bontebok hat in nije webside. It doarp dat earder foar in part by De Knipe en foar in part by Nijehoarne hearde, is sûnt 1980 in eigen doarp. Op de webside dy't fan it wykein feestlik iepene is, steane alderhanne saken oer it doarp.

Alle ferieningen ha meibetelle oan de webside. Mei de side wolle de ynwenners sjen litte dat Bontebok yn de gemeente It Hearrenfean in plak is dêr't in soad te dwaan is. En ek de komôf fan de namme fan it plak wurdt útlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)