Bonny & Clyde foar de rjochter

21 aug 2014 - 15:54
  • Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B.

It kriminele duo Antonio van der P. út De Harkema en syn freondinne Enise B. stean op 2 septimber foar de rjochter yn Assen. It giet om in saneamde pro-forma sitting. It duo waard op 26 febrewaris yn Dútslân oanhâlden nei in dagenlange klopjacht troch de plysje.

De efterfolging brocht de twa fia Ychten, Meppel en Enschede nei Dútslân, dêr't se pakt waarden yn in hotel. Bonny and Clyde, sa't it duo yn de parse neamd waard, ûntfierde in frou, gizele in man en sketten in man del. Harren wurdt swiere mishanneling en ûntfiering ta lêste lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)