Bonnema woe museum op Saailân

24 feb 2006 - 11:32

De geheime briefwiksel tusken de Abe Bonnema-stifting en it Fries Museum is troch in saneamde WOB-proseduere (Wet Openbaarheid Bestuur) boppe wetter kaam. Dy prosedure is oanspand troch Omrop Fryslân omdat de Omrop dúdlik ha wol wat der yn it legaat stiet.

Yn de briefwiksel stiet itselde as wat oant no ta nei bûten brocht is. Dat is dat Abe Bonnema 18 miljoen euro oer hie foar in nij Fries Museum allinnich as dat op it Saailân yn Ljouwert komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)