'Bonnema-beam' op hûs fan buorlju fallen

27 jul 2015 - 13:24
  • De kastanjebeam hat de simmerstoarm net oerlibbe

De 125 jier âlde kastanjebeam út de tún fan arsjitekt Abe Bonnema yn Hurdeagryp is sneon sneuvele yn de stoarm en op it hûs fan de buorlju fallen. De famylje Collicchia wie dêr altyd al benaud foar. De famylje wennet al 40 jier neist de beam en hat altyd sein dat it net feilich wie dat de kastanjebeam dêr noch stie. Harren bern hawwe eartiids ek nea bûten boarte omdat der geregeld tûken fan de beam foelen.

Der hat yn it ferline sels in rjochtsaak west tusken Abe Bonnema en de famylje Collicchia oer de âlde beam.

It is nea sa fier kaam dat de beam fuorthelle is, mar wol is de beam ferstevige. De beam is moandei oprêden, it is noch net bekend hoe grut de skea is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)