Bonne-Hos-toer nei begraafplak

21 jan 2005 - 14:50

It tuorke fan it Bonifatiushospitaal krijt in plak op it Roomske begraafplak yn Ljouwert. De toer stiet boppe-op it haadgebou en is fjirtjin meter heech. De begraffenisferiening hat it jild foar de ferpleatsing by-inoar garre.

It Bonifatius-sikehûs yn it noarden fan 'e stêd wurdt op dit stuit sloopt. Oer fjouwer oant seis wike moat de toer op syn nije plak stean. It katolike begraafplak leit oan 'e Harnzer strjitwei yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)