Bonkje Freark fan Hallum werom

12 des 2013 - 17:21
  • It bonkje fan Freark fan Hallum
  • Tekening fan kleaster Mariëngaarde

By de betinking fan 850 jier âlde kleaster Mariëngaarde by Hallum wurdt sneon in relikwy meinaam út Noard-Brabân wei. It giet om in sulveren relikwy mei dêryn in bonkje fan Freark fan Hallum, de stichter fan it kleaster. Freark ferstoar op 3 maart 1175 en syn grêf wie jierrenlang in beafeartsplak. Syn bonkerak waard by de Reformaasje yn it geheim nei fjouwer ûnderskate plakken yn België en nei it Brabânske Heeswijk brocht.

It bysûndere relikwy komt 400 jier nei dato spesjaal foar de jubileumfiering foar even wer nei Hallum werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)