'Bonkeresten yn Ljouwert komme fan it Aldehoustertsjerkhôf'

15 maaie 2015 - 15:31

De minsklike bonkeresten dy't freedtemiddei yn 'e Ljouwerter wyk Bilgaard fûn binne, komme nei alle gedachten fan it Aldehoustertsjerkhôf. Dat seit Willem de Goede fan Snits. De Goede wie yn 'e jierren sechtich bou-opsichter by de bou fan de skoallen en flats yn de wyk Bilgaard. De grûn is hjir doe ophege mei grûn by de Aldehou wei.

De bonkeresten komme wierskynlik út de midsieuwen. Dat seit Gilles de Langen, archeolooch fan de provinsje Fryslân. Hy wie freed ek op it plak dêr't de bonkeresten fûn binne.

De resten binne fûn by heiwurksumheden op it plak fan de âlde sporthal dy't sloopt is, oan de Fennen. Hjir wurdt op it stuit nijboud. De plysje hat it ûndersyk oerdroegen oan de gemeente. In archeolooch fan de gemeente sil moandei fierder gean mei it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)