Bonken printsje mei in 3D-printer

23 jun 2015 - 22:26
  • 3D-printer op DesignXPO yn Ljouwert

De provinsje Fryslân lûkt 120.000 euro út foar de ûntwikkeling fan in 3D-printer dy't fan ôffal medyske ymplantaten meitsje kin. It apparaat is in idee fan it Grinzer bedriuw KNN advys en wurdt yn oparbeidzjen mei de Stenden Hegeskoalle, Symbioshape Ljouwert en de Ryksuniversiteit makke.

It idee is dat bioplestik sa bewurke wurdt, dat it brûkt wurde kin as ferfanging fan bonkemateriaal. Mar ek sil besjoen wurdt oft it plestik brûkt wurde kin foar elektroanika. De 120.000 euro fan de provinsje is ûnderdiel fan Fryslân Fernijt-programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)