Bonken binne fan bist

22 nov 2012 - 14:01

Yn it tontsje dat woansdei oanspield is op it strân fan It Amelân, sitte resten fan in bist. De jutters dy't it houten fetsje fûn hawwe, seagen in wite stof en ûntdutsen dêr bonken yn. Omdat it mooglik om minsklike resten gie, is in technysk resjersjeur nei it eilân gien om de ynhâld te achterheljen.

No't dúdlik is dat it in bist west hat, wurdt it tontsje en de ynhâld ferneatige. De plysje hat fierder gjin idee wat de herkomst is fan it tontsje. 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)